Bosk mei moastún Tine van Minnen    Túnûntwerpen & - advys  Wâlddyk 9,  9294 LG  Aldwâld Tillefoan  (06) 20 60 04 09 tine.van.minnen@kpnplanet.nl    www.walddyk.info Hiemside Boskborder Paadborder Maitydstún Nije Sleatborder Roazetún Grientetún Puntborder Bisten en fûgels yn de tún Troch it jier hinne Winterfoto’s Túnûntwerpen en -advys Maitydsfoto’s Hjerstfoto’s Simmerfoto’s


2017

Troch it jier hinne

Dit is in nije ynternet-side, dy’t makke is om by te hâlden, wat der yn de rin fan in jier foarfalt yn de tún.

Dat waard faak al wat hap en snap opnommen by de ferskate túnûnderdielen, mar op dizze manier, wurdt it ek in soarte fan privee argyf foar bloeitiden, túnwurksumheden ensfh.


16-09-2017

Al wer in dei mei safolle rein, dat we no al mear as in wike amper wat dwaan kinne yn de tún. Oan de boskkant stiet it wetter yn de Alde Swemmer oan de boppekant fan de beskoeiïng ta.


13-09-2017

In stoarm fan komsa (wynkrêft 10?) hat de tún gjin goed dien.


2-09-2017

It hoekje fan de Cyclamen hederifolium útwreide en in 50 syklaamkes byplante. De Anemone ‘Honorine Jobert’ stiet der prachtich neist.


1-06-2017

Jan helle even wat spinselmot út de hagetoarne, dy’t krekt foar de sleatborder stiet en doe seach er in hiel lyts moai nêstje mei 6 blau-griene aaikes.

It docht bliken, dat hir in stikelfink oan it brieden is. De túnbesikers sille dizze border de earste wiken dus allinne fan de efterkant besjen kinne. Oars krijt it fûgeltsje gjin rêst om te brieden.

Der sit trouwens ek in boereswel op in nêst yn de iepen garaazje en fangefolgen kinne we amper by ús grize en griene tonnen komme.


28-05-2017

Ek yn de roazetún binne William Shakespeare en Mme. Isaac Pereire begûn te bloeien.

Yn de boskborder bloeie ‘Yellow Fleurette’ en ‘Pussta’ al.

De kroandûkers - dy’t in nêst hawwe op 4 meter fan de merkels ôf - ha ek jongen: minstens 2, mar mooglik 3.


26-05-2017

Nei de strange winter yn jannewaris hienen wy de iisfûgels noch net wer sjoen. Hjoed siet der lykwols ien te fiskjen op it flonderterras: ien misser en twa slachtoffers.


24-05-2017

De earste roas bloeit: ‘Matin Clair’ fansels en dat is hast in moanne earder as oars.


14-05-2017

De feale miggesnapper en de giele hôfsjonger binne ek werom út it waarme suden. We ha se hjoed foar it earst sjongen heard (in pear wiken letter sieten der sels twa giele hôfsjongers tagelyk tsjin inoar op te sjongen).


6- 05-2017

De merkels dy’t foar it kokensrút oer yn de Alde Swemmer sieten te brieden, ha 5 jongen.

En by it skriuwen fan dit stikje - 26 dagen letter - binne der noch altyd 4 fan oer.


27-04-2017

It is stjerrende kâld hjoed, mar yn de boskborder sit in wylde ein op fiif aaien ûnder de Stipa gigantea.

Us kroandûkers piele al in pear wiken mei it meitsjen fan in nêst, mar noch altyd gjin aaien.


22-04-2017

Foar it earst bliuwt de merkel no de hiele dei op it nêst sitten. Dus der binne aaien.

Wol apart: merkel en kroandûkernêsten lizze mar fjouwer meter útinoar.


20-04-2017

De earste boereswellen binne der wer.


05-04-2017

Hjoed siet de earste lytse hôfsjonger (NL: fitis) al wer te sjongen yn de tún.


31-03-2017

De kroandûkers yn de Alde Swemmer binne al in skoftke oan it baltsen en ha hjoed foar it earst trêde. Hjoed bloeiden ek de earste tulpen wer.

Lykas altyd de T. Fosteriana ‘Orange Emperor’.


19-03-2017

Foarige wike hearde ik de earste tsjirken al, mar hjoed seach ik oan ‘e ein fan de Wâlddyk ek de earste skriezen wer.


18-03-2017

Earste boumantsje wer yn de tún.


16-03-2017

De earste wylde titelroaskes begjinne te bloeien, krekt lykas de Chionodoxa’s, it longkrûd en de boskanemoantsjes.


20-2-2017

Foto’s nommen fan de liderkes.


14-2-2017

It friest noch altyd. De Alde Swemmer is fierhinne befêrzen. In soad merkels en easteinen yn de tún. Us fetbollen en potten nútsjemoar binne populêr by de fûgels.