Bosk mei moastún Tine van Minnen    Túnûntwerpen & - advys  Wâlddyk 9,  9294 LG  Aldwâld Tillefoan  (06) 20 60 04 09 tine.van.minnen@kpnplanet.nl    www.walddyk.info Hiemside Boskborder Paadborder Maitydstún Nije Sleatborder Roazetún Grientetún Puntborder Bisten en fûgels yn de tún Troch it jier hinne Winterfoto’s Túnûntwerpen en -advys Maitydsfoto’s Hjerstfoto’s Simmerfoto’s


Skeakels (links)

foar mear

Ynformaasje:


Foar iepen tunen

groei.nl

bezoekmijntuin.nl

appeltern.nl

Tuinenstichting.nl

Tuinen van Bert Loman

huisentuindecoratiemarie


Foar roazen, fêste planten, strûken en beammen

dewilde.nl

border.nl

coenjansenvasteplanten.nl

hessenhof.nl

dekleineplantage.nl

bosmaboomkwekerij.nl

Op de ynternetside fan Bosma

stiet ek in soad praktyske

Ynformaasje oer it oanlizzen fan tunen en it plantsjen fan strûken, beammen en planten.


Foar blombollen ensfh.

nijssentuin.nl

verberghe.nl


Wolkom op de hiemside fan Iepen Tún

De Alde Swemmer

en Tine van Minnen

 

Al jierrenlang haw ik in eigen bedriuw op it mêd fan túnûntwerpen en

-advys, saken dêr’t ik al jierren lyn as hobby mei úteinset bin.

De namme fan dat bedriuw is simpel:


Tine van Minnen


Fan 1986 ôf bin ik aktyf begûn te túntsjen en haw ik ek in kursus Túnarsjitektuer folge.

Fan dat momint ôf haw ik troch faak te ferhúzjen in pear grutte eigen tunen ûntwerpe kinnen. Dêrneist haw ik foar famylje en kunde sa út en troch wat tunen oanlein en noch faker beplantings-plannen makke of advys jûn oer bestrating, snoeien, dongjen ensfh.


In hiele soad minsken wolle graach in moaie tún en dogge faak in soad muoite foar of jouwe in soad jild út oan in moaie tún.

Dochs is it risseltaat faak net wat men ferwachte hie. De tún liket te lyts of it ûnderhâld is dreech. De paden binne faak krekt te smel en de terrassen krekt te lyts.

Yn sokke gefallen is in goed trochtocht ûntwerp fan immen dy’t der foar leard hat en it faker by de ein hat, in oplossing.

Dat kin in kompleet nij ûntwerp wêze, mar ek in oanpassing fan in besteande sitewaasje en somtiden is ek in praatsje oer in pear wizigings al genôch om de tún in hiel oar oansjen te jaan.


In twadde punt dêr’t in soad minsken problemen mei hawwe, is de beplanting fan har tún. Hoe faak wurde hûs of paad net oergroeid troch mânske konifearen, dy’t dochs net miny blykten te wêzen. Of de moaie blomme-border pakt net goed út, om’t de iene plant tefolle woekeret en oaren dea geane, om’t se net oer de klaai of oer te wiete grûn kinne. Foar al dy gefallen kin in goed trochtocht beplantingsplan in útkomst wêze.


Faak kin in leek wol in kreas túnûntwerp meitsje, mar foar in goed beplantingsplan hat men in soad plantekennis nedich.

En dan noch kin men eins net sûnder jierrenlange praktyske ûnderfining mei tunen en planten. Echte plantekenners ha faak modderhannen en rourântsjes ûnder de neils.


Ek by it oanlizzen en it ûnderhâld fan tunen kin myn bedriuw help biede.

Wy hawwe kontakten mei goeie plantekwekers en hôfkers (hoveniers), straters en oare minsken mei ûnderfining by oanlis en ûnderhâld fan tunen.

Want sûnder in deeglike oanlis kin it net: hoefolle paden fersakje nei in pear jier net en hoe faak binne technyske konstruksjes net deeglik oanlein, sadat men in pear jier letter al wer moat.

Wat ik ek in soad doch, is snoeiwurk fan strûken en (frucht-)beammen.

Ik haw der spesjale kursussen foar folge en ik haw in soad aardichheid oan dit wurk.

Want fierstentefaak wurde moaie beammen en strûken troch in tekoart oan kennis mar wat beknipt en fersage.

En dat giet te’n koste fan in goeie bloei en de moaie foarm fan de planten, wylst it sa maklik is om it goed te dwaan.

As jo belangstelling hawwe, kinne jo kontakt opnimme mei:

tine.vanminnen@kpnplanet.nl

Of skilje my op: 06 - 20 40 06 09


Of better noch: kom ris del op de Wâlddyk om ús tún te besjen! De iepeningstiden steane op de hiemside (homepage).

Wa wit, komme jim op goeie ideeën.

As jim graach advys ha wolle, is it oan te rieden om in goeie plattegrûn fan de eigen tún mei te nimmen. Dat praat wol sa maklik.


Oant sjen oan de Alde Swemmer

en de Wâlddyk,


Tine van Minnen


Dit wie it ûntwerp fan de tún mei oprit oan de linkerkant fan ús pleatske yn Nij Beets.

Yn grutte halen leit it der noch sa hinne, al is de grutte esk linksûnder in kear omwaaid en boppe op in auto fan de buorlju fallen.

Dat is ien fan de saken dy’t it meitsjen fan túnûntwerpen totaal oars meitsje as it bouwen fan in hûs of it meitsjen fan in keunstwurk:

ús keunstwurk feroaret alle jierren mei’t beammen en planten groeie, bloeie en wer ûnder geane.

Untwerp foar in tún yn Dokkum.

It is mar in smel en ûndjip túntsje en dêrom is it hiele ûntwerp tasnien op it breder en langer meitsjen fan de tún.

Dat wurdt dien troch de tún yn de hiele breedte te brûken foar terrassen en plantfakken mei transparante begroeiïng.

Mei it paad nei efteren jout de transparante begroeiïng mei ûnder oaren gers, verbena bonariensis ensfh. ek wer ekstra djipte oan de tún.

In foto fan in blom fan in blom fan de Kanaryske eilannen.

Makke op La Gomera, ien fan de lytsere eilannen. Ek op fakânsje bliuwt de ynteresse foar planten en tunen . . .