Bosk mei moastún Tine van Minnen    Túnûntwerpen & - advys  Wâlddyk 9,  9294 LG  Aldwâld Tillefoan  (06) 20 60 04 09 tine.van.minnen@kpnplanet.nl    www.walddyk.info Hiemside Boskborder Paadborder Maitydstún Nije Sleatborder Roazetún Grientetún Puntborder Bisten en fûgels yn de tún Troch it jier hinne Winterfoto’s Túnûntwerpen en -advys Maitydsfoto’s Hjerstfoto’s Simmerfoto’s


De Grientetún

Us heit hie altyd in grutte grientetún en Jan syn pake en heit hienen ek grientetunen.

Wy binne der sels noait oan begûn, want wy hienen aardichheid oan blommen en planten en griente keapet men yn de winkel.

Boppedat hienen wy ús tún folboud mei borders en de lêste iepen stikjes bleek woenen wy graach frij hâlde.


Fansels smakke griente út eigen tún wol sa goed en men wit wêr’t it weikomt.

De lêste jierren keapje ik dan ek in grut part fan ús griente by Bonaventura yn Ternaard.

Yn ‘e maityd fan 2016 ha wy samar besletten om in stikje bleek tusken roazetún en puntborder om te setten yn in grientetún.

Yn april en maaie hat Jan oan it graven, kroadzjen, straten en timmerjen west en no lizze der tusken de roazetún en de puntborder 3 ferhege fakken foar it ferbouwen fan griente.


Oan beide einen fan de grientetún steane 2 apelbeamkes en 2 parrebeamkes (spalier) om de tún wat smûker te meitsjen.

Oan ien kant leit tusken 2 plantebakken in lyts terraske en yn 2016 ha wy dêr al faak sitten: tige wiis mei ús eigen jirpels, biten, slaad, pûltsjes en oare griente.


Septimber 2017

Yn de bosk hienen we in fjouwertal wite strinkjebeien delset, mar om’t se te min ljocht krije, drage se amper.  Se binne dus ferplante nei de grientetún dêr’t se no ûnder de apelbeammen steane. We sille se dêr krekt lykas de oare fruchtbeamkes yn foarm knippe. Mar ris sjen oft it helpt.


Augustus 2017

De jirpels binne al wer út ‘e grûn en yn ien fan dy fakken ha we de ierdbeien delset, dy’t earst yn bakken stienen. Dy bakken wienen gau te drûch en dan drage ierdbeien folle minder. In grientetún is dochs hiel wat oars as in blommetún en we moatte dus noch in soad leare.


April 2017

Nei in prachtige maartmoanne is april oan no ta fierstente kâld. Likegoed ha we de jirpels al boud en de biten al siedde. Ek de spinazy en radyskes steane al boppe de grûn.

Mar gelokkich ha we no in lytse kas, dêr’t de tomaten en daljes al omraak groeie!


Desimber 2016

Krekt de lêste reade biten út de tún helle en noch gau even wat knyflok plante foar takom jier.


Oktober 2016

Dy’t A seit moat ek B sizze, en we ha no ús eardere pikehok ferboud ta kas. We ha der in pear grutte kezinen yn sette litten en Jan hat der in wurkbank yn timmere. Sa kinne we ek better tomaten kweke, planten lykas daljes oerhâlde en ienjierrigen siedzje en stekke ensfh.


Septimber 2016

Troch de lette oanlis fan de nije grientetún binne de poaters wat te let set, mar der siet dochs noch knap steatsje lytse jirpels (Agria’s) oan.


Augustus 2015

Wy hawwe no 4 soarten ierdbeiplanten kocht by Vreeken’s Zaden en yn grutte bakken plante.

Mar ris sjen hoe’t it út pakt. (By neier ynsjen wie dit dus it begjin fan de grientetún!)