Bosk mei moastún Tine van Minnen    Túnûntwerpen & - advys  Wâlddyk 9,  9294 LG  Aldwâld Tillefoan  (06) 20 60 04 09 tine.van.minnen@kpnplanet.nl    www.walddyk.info Hiemside Boskborder Paadborder Maitydstún Nije Sleatborder Roazetún Grientetún Puntborder Bisten en fûgels yn de tún Troch it jier hinne Winterfoto’s Túnûntwerpen en -advys Maitydsfoto’s Hjerstfoto’s Simmerfoto’s


De tún winterdeis

Hoewol’t de winter net ús favorite tiid fan it jier is, hat it winterskoft dochs ek moaie dingen.

Faak sit de âlde Swemmer fol mei merkels, einen, smjunten, easteinen en dûkeleinen.

En benammen as der iis en snie lizze, of by moaie winterske loften en sinne-ûndergongen,

sitte wy faak even te genietsjen en/of te skimerjen.


Febrewaris 2017

By it opsetten fan de nije ynternetsiden ha wy der oer neitocht om de aparte siden foar winter-maityd-simmer-hjerst ferfalle te litten. Ommers, maityd en simmerfoto’s fan de tún steane wol op alle oare siden.

Dochs woenen wy ek sjen litte hoe’t it der yn ús tún en op ‘e Wâlddyk útsjocht yn hjerst en winter. Beide hawwe in tige eigen sfear en moaie dingen om sjen te litten. Fangefolgen hawwe wy ek de siden maityd en simmer bliuwe litten: moaie plaatsjes genôch.

Allinne hjerstmis ferjitte wy altyd om foto’s te nimmen, wylst der dochs alle reden foar is:

bloeiende daljes, ferkleurjende beammen, moaie gêrzen, bloeiende syklaamkes en Rudbeckias ensfh.

Nim ú net kwea dat de foto’s op de hjerstside noch wat krap binne. Hjerstmis 2017 sille wy oan it fotografearjen.


Febrewaris 2016

Oan no ta hat de winter fan 2015-2016 noch mar ien wike froast en snie oplevere en de rest wie fierhinne rein en stoarm.

Dat hie fangefolgen dat de Viburnum carlcephalum yn de earste wike fan jannewaris al bloeide, krekt lykas de Geum.

Wy hoopje noch al op in pear wiken lege timperatueren, oars krije in soad planten aanst in knoei fan in lêste nachtfroast.