Bosk mei moastún Tine van Minnen    Túnûntwerpen & - advys  Wâlddyk 9,  9294 LG  Aldwâld Tillefoan  (06) 20 60 04 09 tine.van.minnen@kpnplanet.nl    www.walddyk.info Hiemside Boskborder Paadborder Maitydstún Nije Sleatborder Roazetún Grientetún Puntborder Bisten en fûgels yn de tún Troch it jier hinne Winterfoto’s Túnûntwerpen en -advys Maitydsfoto’s Hjerstfoto’s Simmerfoto’s


De tún simmerdei

Sawat ein juny - it hinget wat fan it waar ôf - fernimt men dat de maityd al wer foarby is en dat it simmer wurden is.

De bosktún wurdt minder nijsgjirrich.

De tulpen binne útbloeid en ek de Alliums rinne nei de ein.


Mar dan is it ek de tiid dat de roazen en klimroazen útein sette.

En dat de fêste planten yn de measte borders har earste hichtepunt berikke.

Har earste, want de measte fan ús borders bloeie lang troch of der steane planten yn dy’t foar in twadde kear bloeie.


Ein july en de earste wiken fan augustus moatte de planten wer wat bykomme, mar

it twadde hichtepunt begjint meastentiids mids augustus en duorret - ôfhinklik fan de waargoaden - oant hast mids oktober.


Dat is tagelyk de tiid dat de measte gers-soarten har fan har bêste kant sjen litte.

En yn hast alle borders steane ferskate soarten Miscanthus, Panicum en/of Calamagrostis.

Sjoch foar de nammen by de plantelisten op de siden fan de túnnderdielen.




Augustus 2015

Nei in tige drûge maityd mei faak hurde wyn, ha wy sûnt begjin july hinne-en-wer-waar.

As roazen en borders der nei in pear goeie dagen wer moai foarsteane, meitsje hurde wyn en buien der wer in ein oan. Lykas al earder sein: it libben fan in túnker giet net altyd oer roazen.

Dochs stiet de ferhuze nije sleatborder der eins altyd knap by. Better as oait tefoaren, earlik sein.

Soks jout de túnfrou dan wer moed!