Bosk mei moastún Tine van Minnen    Túnûntwerpen & - advys  Wâlddyk 9,  9294 LG  Aldwâld Tillefoan  (06) 20 60 04 09 tine.van.minnen@kpnplanet.nl    www.walddyk.info Hiemside Boskborder Paadborder Maitydstún Nije Sleatborder Roazetún Grientetún Puntborder Bisten en fûgels yn de tún Troch it jier hinne Winterfoto’s Túnûntwerpen en -advys Maitydsfoto’s Hjerstfoto’s Simmerfoto’s


De Roazetún

As túnleafhawwer giet men geregeldwei op stap om tunen fan oare túnkers te besjen en men komt ek faak op plantekwekerijen.

Dat binne gefaarlike útstapkes, want men komt dan wer thús mei allegear nije ideeën.

Ein maaie 2014 hienen wy even op stap west nei Zutphen en omkriten om in besyk te bringen oan De Wilde.


Troch it sjen fan al dy moaie en lekker rûkende roazen kamen wy op it idee om dat part fan de tún - dat bestie út in border en in stikje bleek - om te setten yn in roazetúntsje, want it lytse borderke dêr wie net hiel nijsgjirrich.


Mar dan in roazetún sûnder buksushagen! Want dat hat elkenien al.

Om de tún ek winterdei nijsgjirrich te hâlden - en simmerdei gjin modder te sjen - wie de tún earst hielendal begroeid mei Waldsteinia ternata, mar dat befoel net. It wie ûnrêstich.

Dêrom ha we yn augustus 2017 de Waldsteinia om de roazen hinne der weihelle en ferfongen troch Grauwacker split stien.

In wat aparte oplossing, mar it wie ús opfallen, dat roazen it yn Spanje en Grikelân faak hiel goed dogge op rotsige grûn.

It sjocht der yn alle gefallen better út.

Der binne fjouwer fjouwerkante fakken, mei elk 9 roazen. Yn elk fak steane 3 of fjouwer soarten roazen.

Ein 2016 - sjoch hjirneist - binne in tal al wer ferfongen, om’t se it net goed dienen.

De roazen wurde kombinearre mei Salvia nemorosa ‘Mainacht’,  Verbena bonariensis, Helictotrichon sempervirens.


Dêrneist steane der by de pergola noch in tal klimroazen.

De roazetún is yn de simmer en hjerst fan 2014 oanlein en om’t de roazen by oankeap yn potten stienen, ha se dat jier ek noch knap bloeid.


De earste foto’s fan de nije roazetún binne makke yn juny en july fan 2015.

Doe stie der ek noch Nepeta tusken de roazen, mar dat oergroeide de roazen, dus dy ha wy der wer út helle.

Spitigernôch ha wy yn 2016 gjin inkelde foto fan de roazetún makke. Pas ein juny 2017 sille wy foto’s fan de nije roazen (sjoch hjirneist) op de hiemside sette kinne.


Foar de lêste plantelist fan de roazetún, sjoch hjirûnder.


Augustus 2017

Om’t de ûnderbegroeiïng fan Waldsteinia ternata om de roazen hinne net befoel, ha we dy planten yn augustus der út helle en ferfongen troch Grauwacker split stien. In wat aparte oplossing, mar it wie ús opfallen, dat roazen it yn Spanje en Grikelân faak hiel goed dogge op rotsige grûn.

It sjocht der yn alle gefallen in stik better út. Fierder ha wy de ûnderbeplanting noch oanfolle mei wat krûpende time en Erodium ‘Bishop’s Form’.


1 Juny 2017

De earste roas bloeide fan ‘t jier al op 24 maaie en lykas wenst wie dat de klimroas ‘Matin Clair’ dy’t efter de garaazje stiet. Dat is yn ‘e maityd in smout en sinnich plakje. Dit is trouwens in roas sûnder problemen. Hy bloeit betiid en oan ‘e earste froast ta.

Op 28 maaie stienen ek in tal oare roazen yn bloei: Mme. Isaac Pereire, William Shakespeare, The Alchymyst, Climbing Souvenir de la Malmaison ensfh.

De roazen steane der trouwens oeral prachtich foar, mar we ha se dan ek al fjouwer kear sproeid mei swevelpoeier: fan it earste útrinnen fan it blêd ôf.

Sels ‘Sharifa Asma’ stiet der no prachtich foar en bloeit (en rûkt!) folop!


Oktober/novimber 2016

De roazen dy’t ús foarich jier al ôffoelen - Abraham Lincoln, Jacqueline du Pré en Sharifa Asma - hawwe it yn 2016 neat net better dien. Rûnom ha wy trouwens heard, dat 2016 in striemin roazejier west hat.

Dêrom ha wy by de Border in hiele steal nije roazen besteld en no mei de klam op sterk en sykte-resistint:

Rosa Altissimo - in reade, inkelde klimroas, moat ‘Pink Cloud’ ferfange. Wy fûnen dat de blommen net te sjen wienen, om’t se hongen.

Fierder ha we bybesteld: Bonica, Duftrausch, Fleurette (famylje fan Yellow Fleurette, dy’t ús favorite giele roas is) en Queen Elizabeth.

Yn novimber hat Jan de measte âlde roazen der út helle - op de bêste strûken nei, dy’t noch in kâns krije - en ferfongen troch de nije roazen. In pear oaren binne oppotte as reserve.


Septimber 2015

Troch de minne simmer mei in soad rein en wyn, binne de roazen ferwaaid en ferreind.

Stienen se der nei in pear dagen moaier waar even better foar, dan kamen buien en ferreinde alles wer.

Romke van de Kaa sei it al: it libben fan in túnker giet net oer roazen.

De tulpen dy’t wy ein 2014 foar de Roazetún útsocht hienen, wienen foar in part in grut súkses (Red Hat en Vincent van Gogh), in pear oaren foelen raar ôf (Sorbet en Carnaval de Nice) en oaren koenen der op troch al wienen se wat oan de massale kant (Rem’s Favourite en Ballade).

Sorbet en Carnaval binne safolle mooglik ferwidere en der binne dus in fikse steal ‘Red Hat’ byplante en in oare read-wite tulp ‘Happy Generation’. Mar ris sjen oft wy dêr wat happier fan wurde.

Namme plant wittenskiplik

Opmerkings

Kleur/skaaimerken

Hichte

Bloeitiid






Roazetún





Rosa 'Altissimo' (Delbard, 1966)

klimroas, rûkend

read, grut, inkeld

300 sm

juny-oktober

Rosa 'Bonica' (Meilland, 1981)

tros/heesterroas, sterk

roazich

100 sm

juny-oktober

Rosa 'Duftrausch' (Tantau, 1986)

grutblommich, sterk

mauve, sterk rûkend

90 sm

juny-oktober

Rosa 'Fleurette' (1977)

heesterroas, sterk

roazich, inkeld

100 sm

juny-oktober

Rosa 'Leonardo da Vinci',

trosroas, sterk

hurdroazich

90 sm

juny-oktober

Rosa 'Queen Elizabeth' (1954, Lammerts)

grutblommich, sterk

roazich

110 sm

juny-oktober

Rosa 'Sharifa Asma' (1989, Austin)

measten ferwidere

roazich, sterk rûkend

90-120 sm

juny-oktober

Rosa 'William Shakespeare" (Austin)

Ingelske roas

dûnkerread/pears

120 sm

juny-oktober






Tulipa 'Red Hat'

franjere tulp

read

55 sm

maaie

Tulipa 'Vincent van Gogh'

franjere

dûnkerpears

35-55 sm

maaie






Underbegroeiïng alle 4 fakken





Salvia 'Caradonna'

opfretten troch slakken

pearsblau

50 sm

juny-septimber

Waldsteinia ternata

grûnbedekker

giel

25 sm

april-maaie

Helictotrichon sempervirens

gêrs

grys blêd, gouden ieren

90 sm

maaie-juny

Andropogon scoparius 'Prairie Blues'

syn: Schyzachirium

readpears blêd

50-90 sm

aug-oktober

Verbena bonariensis


fiolet

125 sm

july-novimber

Thymus praecox 'Purple Beauty'

time

pears/fiolet

1-3 sm

juny-july

Erodium variabile 'Bishop's Form'


roazich/readpears

3-5 sm

maaie-septimber






By pergola





Rosa 'Mme Isaac Pereire'

Bourbonroas 1851

pearsroazich, sterk rûkend

200 sm

juny-oktober

Rosa 'Frances E. Lester'

rambler

ljochtroazich, rûkt lekker

600 sm

juny-july

Rosa `Wedding Day´

Austin roas, 1950

wyt, yn knop giel

400-800sm

juny

Yn grientetún





Prunus x subhirtella 'Autumnalis Rosea'

Beam, foar roazetún

Ljochtroazich

350 sm

novimber-april

Rosa 'Climbing Souvenir de la Malmaison"

klrimroas, bourbon, 1893

ljochtroazich, trochbloeiend

350 sm

juny-oktober






Plantelist 2017 fan de Roazetún