Bosk mei moastún Tine van Minnen    Túnûntwerpen & - advys  Wâlddyk 9,  9294 LG  Aldwâld Tillefoan  (06) 20 60 04 09 tine.van.minnen@kpnplanet.nl    www.walddyk.info Hiemside Boskborder Paadborder Maitydstún Nije Sleatborder Roazetún Grientetún Puntborder Bisten en fûgels yn de tún Troch it jier hinne Winterfoto’s Túnûntwerpen en -advys Maitydsfoto’s Hjerstfoto’s Simmerfoto’s


De Puntborder

yn blau en wyt

Nei it omsetten fan de nije sleatborder ein 2014 bleau in part fan de planten oer dy’t wy nearne oars brûke koenen, om’t se net yn de kleureskema’s fan de oare tunen pasten.


Yn it foarste plak wienen dat in fjouwertal soarten Astilbes, mar dêr wienen wy gau út.

Dy steane no by in boskpaad lâns oan de kant fan de sleat en as se bloeie is it in see fan blommen, want it is in geskikt plak foar Astilbes, om’t it dêr dampe grûn en wat healskaad is.


Twads wienen der in grut tal favoriten, dy’t wy eins net misse woenen, om’t dy kombinaasje yn blau en wyt yn augustus - septimber prachtich moai is.


Oan de ein fan de túnkeamer mei de roazetún -tsjin it wenhûs oan - is dêrom in nij borderke oanlein yn wyt en blau.

Earstiids stie dêr in moaie bosk Hydrangea’s Annabelle, mar dy is no ferhuze nei de yngong fan de tún, neist de oprit.


Dit binne de earste foto’s fan de nije puntborder út de maityd fan 2015.

Spitigernôch ha wy yn de simmer en hjerst fan 2015 (en 2016) fergetten om foto’s fan de nije border te meitsjen, sadat it noch even duorret foardat wy op dizze side wat sjen litte kinne.

Yn de simmers fan 2015 en 2016 hawwe wy al wer wat nije planten foar dizze border oantúchd, om it simmerdei noch wat nijsgjirriger te meitsjen.


Foar de plantelist fan de puntborder, sjoch hjirûnder.

Augustus 2017

It foel ús ynienen op, dat de Leucanthemum ‘Aglaia’ hielendal ferdwûn is. Mooglik de winter? Fierder ha we in pear Phlox ‘Blue Evening’ bybesteld om wat mear blau yn de border te bringen. Tagelyk kinne we dan wat wite Phlox ferwiderje, want de border is hast te wyt wurden.


Simmer 2016

Noch 2 nije blaubloeiende plantsjes tafoege: in Amsonia en in Aster-soart.


Maityd 2016

Mei de komst fan de nije grientetún leit de foarkant fan de Puntborder net mear oan in stik bleek, mar oan in paad yn deselde soarte âlde klinkers as yn de rest fan de tún.

Dan hâldt men drûge fuotten en it gers wurdt ek net mear suterich fan de oerhingjende Nepeta.


Hjerst 2015

Om’t wy yn de hjerst fan 2015 gjin ‘Blue Heron’ besette koenen, ha wy dizkear in stealtsje ‘Blue Parrot’ byplante.


Simmer 2015

Ekfes in dei op ‘e strún west nei wat ekstra planten foar de tún. Foar de Puntborder in pear prachtige nije plantsjes kocht: in soarte margryt mei aparte blommen, in Phlox yn pears-wyt en in moaie sêftblauwe Scabiosa.

Sjoch fierder de spesifikaasjes yn de plantelist hjirûnder.


Maityd 2015

Foar de wite tulpen hienen wy yn 2014 ‘Signature’ en ‘White Triumphator’ útsocht en dy hawwe it hjir beide prachtich dien dizze maityd.


Oktober 2014

Wy besykje de measte borders by’’t maityd yn itselde kleureskema te hâlden, as yn de rest fan it jier.

Mei de reorganisaasje fan dizze border binne wy op syk gien nei nije bollen foar dit kleureskema.

Dat is somtiden wat prebearjen, want it moat wat byinoar passe kwa bloeitiid en kleur. Yn de roazetún hie it syn útfallen yn 2015, mar hjir wie it yn ien kear goed slagge.

Om’t blauwe tulpen net besteane, brûke wy hjir ‘Blue Heron’ dy’t ek yn de maitydstún stiet.





Namme plant wittenskiplik

Opmerkings

Kleur/skaaimerken

Hichte

Bloeitiid






Puntborder yn blau en wyt





Amsonia 'Blue Ice

krusing mei A. montana

blau

50 sm

juny-july

Anemone 'Honorine Jobert'

woekeret wat

wyt

50-70 sm

aug-septimber

Aster commixtus 'Twilight'


blau

60 sm

juny-septimber

Aster divaricatus

aster

wyt

50 sm

july

Aster novae-anglae 'Herbstschnee'

weromsnoeie yn juny

wyt

120 sm

aug-septimber

Aster umbellatus

woekeret wat

wyt

150 sm

july-septimber

Astrantia major 'Shaggy'


wyt

55 sm

juny-septimber

Boehmeria platanifolia

blêdplant

wyt, lytse blomkes

60-70 sm

july-septimber

Digitalis purpurea 'Alba'

twajierrich

wyt

100-150

juny-july

Geranium 'Brookside'


blau

45 sm

juny-septimber

Geranium clarkei 'Kashmir White'

net sterk, ferdwûn?

wyt

45 sm

juny-septimber

Geranium pratense 'Moonlight'

dûnker blêd

wyt

50 s,

juny-augustus

Gillenia trifoliata


wyt

70 sm

july

Iris 'Swirling white butterflies'


wyt

80 sm

maaie

Kalimeris incisa 'Alba'


wyt

80 sm

juny-augustus

Leucanthemum x superbum 'Aglaia'

aparte blom

wyt

50 sm

juny-augustus

Miscanthus sinensis 'Morning Light'


wyt-grien blêd

120 sm

bloeit net

Nepeta 'Walkers Low'


blau

40-50 sm

juny-septimber

Persicaria amplexicaule 'Alba'

ferfangt 'Rosea'

wyt

100 sm

july-novimber

Phlox paniculata  

wylde floks, rûkend

ljocht fiolet-lila

150 sm

july-augustus

Phlox paniculata 'Blue Paradise'

floks

blau-lilapears

70-100 sm

july-septimber

Phlox paniculata "Fujiyama"

floks

wyt

80 sm

july-aug-sept

Physostegia virginiana 'Summer snow'

woekeret wat

wyt

70 sm

july-augustus

Scabiosa caucasica 'Stäfa'

hiel moai

blau

60-70 sm

juny-septimber

Veronicastrum virginicum "Pink Glow"


wyt mei bytsje roazich

130 sm

july-septimber






Tulipa 'Blue Heron'

Franjere tulp

blau-pears

45 sm

april-maaie

Tulipa 'Blue Parrot'

Franjere tulp

blau-pears mei wite râne

45 sm

april-maaie

Tulipa 'Signature'

franjere tulp

wyt

40-50 sm

april-maaie

Tulipa 'White Triumphator'

leeljeblommige út 1942

wyt

40-50 sm

maaie











Plantelist 2017 fan de Puntborder yn blau en wyt (oanlein 2014)