Bosk mei moastún Tine van Minnen    Túnûntwerpen & - advys  Wâlddyk 9,  9294 LG  Aldwâld Tillefoan  (06) 20 60 04 09 tine.van.minnen@kpnplanet.nl    www.walddyk.info Hiemside Boskborder Paadborder Maitydstún Nije Sleatborder Roazetún Grientetún Puntborder Bisten en fûgels yn de tún Troch it jier hinne Winterfoto’s Túnûntwerpen en -advys Maitydsfoto’s Hjerstfoto’s Simmerfoto’s


De Paadborder


Yn it sintrale diel fan de tún lizze in trijetal borders:

- De paadborder;

- De maitydstún à la Ton ter Linden.

  Sjoch fierder by Maitydstún.

- De sleatborder, dy’t wy no nije sleatborder

  neame, om’t er yn 2014 in hiel oar

  kleureskema krigen hat.

  Sjoch fierder by Nije Sleatborder.


Neist it paad nei it hûs ha wy in pear jier lyn oan ien kant in bûkehage delset en oan de oare kant in nije border - de paadborder - oanlein yn de kleuren oranje-pears-blau.

As túnker is men altyd oan it eksperimintearjen en dit kleureskema like ús wol wat, ek om’t it net faak tapast wurdt.


Hage en border binne oanlein om it lange paad noch langer - en ek wat smûker - lykje te litten en dat is aardich slagge.

Boppedat is de hoeke mei de nije roazetún, grientetún en de puntborder no fierhinne ôffrede mei bûkehagen en sa is de tún noch mear ferdield yn aparte túnkeamers.


Yn it begjin woenen border en bûkehage mar min oanslaan, om’t se beide op in plak lizze, dêr’t winterdei yn wiete riten wetter stean bliuwt.

De bûkehagen gongen dea, de bollen ferrotten en guon fêste planten dienen it net.

Yn 2014 ha wy dêrom by hage en paadborder 2 dreenbuizen dellein en no is de wetteroerlêst foarby en begjint it der hieltyd mear op te lykjen.


Yn ‘e maityd wurdt de border op kleur brocht troch oranje en pearse tulpen, Camassia’s en Allium ‘Purple Sensation’.

Simmerdei jouwe benammen Helenium ‘Kupfersprudel’, Geum, roazen en daljes it oranje aksint yn in grut ferskaat fan blauwe en pearse oare planten.


Foar de plantelisten fan de paadborder, sjoch ûnderoan op dizze side.



Oktober/novimber 2016

Yn de bosk- en paadborder brûke wy al sûnt 2012 Rosa ‘Teaclipper’ as oranje roas.

De roazen dogge it wol knap, mar se ferblikke nochal gau nei fealwyt. Dêrom ha wy dit jier in pear oranje roazen - Ave Maria, Fellowship en Warm Wishes - kocht en oppotte om te sjen hoe’t dy oranje kleuren har hâlde. Want it probleem fan oranje is faak dat it ferkleuret nei roazich (byg. Westerland) of ferblikt.nei wyt en dat past perfoarst net yn dizze kleurekombinaasje. (Neiskrift septimber 2017: Warm Wishes is de bêste en dêr sille wy in pear fan bykeapje).


Novimber 2015

Yn striemin waar de daljes út de border helle en yn potten set. Daalk dêrnei de lêste bollen plante, want nije wike geane wy op fakânsje nei La Palma.

Om ‘t Tulipa fosteriana ‘Orange Emperor’ in betide bloeier is, is er bytiden al útbloeid as ‘Negrita’ wier op gong komt. Dêrom ha wy foarich jier in pear ‘Ballades’ plante, om te sjen oft dy ek wat letter bloeiden.

En dat kloppe, want leeljeblommige tulpen bloeie ornaris wat letter. No noch wat byplante.


Septimber 2015

Fan ‘t simmer hienen wy al wat nije planten - ûnder oaren Polemonium caeruleaum 'Bressingham Purple'  - kocht dy’t yn it kleureskema fan de paadborder passe moatte.

We hienen se earst yn potten dien en ha se no yn de border set.

Tagelyk de te grut wurdende pôlen fan Iris ‘Berlin Blue Bird’ dield en op nij plante.

Plantelist 2017 fan de Paadborder (sûnt 2009)

Namme plant wittenskiplik:

Opmerkings

Kleur/skaaimerken

Hichte

Bloeitiid






Paadborder  (sûnt 2009)





yn blau/fiolet/pears en oranje





Aconitum carmichaeli "Barker"


pearsblau

75-125 sm

augustus-oktober

Agastache 'Blue Haze'


blau

80 sm

juny-septimber

Amsonia orientalis

syn. Rhazya orientalis

blau-fiolette stjerkes

30-60

july-augustus

Aquilegia alpina


pearsblau

40-50

maaie-juny

Aster cordifolius 'Little Carlow'

hiel moai

blau

100 sm

septimber-oktober

Aster frikartii 'Mönch'


lavindelblau

80 sm

augustus-novimber

Aster macrophyllus 'Twilight'


blau

100 sm

sept-nov.

Aster novi-belgii 'Schöne von Dietlikon'


pears mei giel hert

100-120

augustus-oktober

Aster radula 'August Sky'


blau-fiolet

80 sm

augustus-sept.

Calamagrostis * acutiflora 'Overdam'

gêrs

readbrún

100-125

juny-july

Campanula lactiflora "Pritchard's Variety"


ljochblau/fiolet

125 sm

july-augustus

Clematis integrifolia

fêste plant clematis

blau-fiolet

60-90 sm

july-augustus

Clematis 'Asao' (Patens hybride)

klimplant

fiolet - roazich

200 sm

july-augustus

Crocosmia crocosmiiflora


oranje

75-100

july-augustus

Crocosmia 'Babylon'


oranje

60 sm

july-septimber

Crocosmia 'Columbus'


giel-oranje

75 sm

july-augustus

Crocosmia 'Okavango'


oranje

75 sm

july-augustus

Dahlia 'Gwyneth'

swanneblom type

oranje

140 sm

july-oktober

Dahlia 'Classic Elise'


oranje

60 sm

july-oktober

Dahlia' Classic Masquerade'

Classic Dalje

oranje

75 sm?

july-oktober

Dahlia 'Classic Poème'

readbrún blêd

salmoranje

100 sm

july-oktober

Dahlia 'Catherine Deneuve'

Topmix Dalje

waarmoranje

75 sm

july-oktober

Dahlia 'Carthouche-Shakyra'

Dekorative dalje

pears

75 sm

july-oktober

Dahlia 'Celeste' (Ariko 61-08)


lila

90 sm

july-oktober

Dahlia 'Claudette'

Dekorative dalje

poarper

75 sm

july-oktober

Dahlia 'Nicky'

Topmix Dalje

oranje

75 sm

july-oktober

Delphinium 'Völkerfrieden' (belladonna-hybr.)

ferdwûn

blau

100-125 sm

juny-july

Erigeron ´Dunkelste Aller´


dûnkerfiolet

50-75

juny-augustus

Geranium grandiflora


pearsblau

40-60

juny

Geranium magnificum


pearsblau

80 sm

juny-july

Geranium ´Spinners´


pearsblau

40-60

maaie-juny

Geranium 'Johnson's Blue'


blau

25-50

maaie-septimber

Geum chiloense ??


oranje, heal dûbel

50-60 sm

april-juny

Helenium 'Kupfersprudel'

de bêste

oranje

100-150

july-septimber

Iris "Berlin Blue Bird"


blau

70 sm

maaie-juny

Iris reticulata

fan Tineke NB krigen

blaupears mei wyt

40 sm

maaie-juny

Kalimeris incisa 'Blue Star'


blaufiolet

80-100

juny-septimber

Miscanthus sinensis 'Ghana'

gêrs

oranje-read blêd

100-125

septimber-oktober

Miscanthus sinensis 'Red Chief'

gêrs

smel blêd, read yn hjerst

175 sm

augustus-oktober

Nepeta 'Walker's Low'


ljochtblau

40-60

maaie-septimber

Nepeta subsessilis 'Washfield Form'


blau

80 sm

juny-septimber

Panicum virgatum 'Rehbraun'

gêrs

brún

75-125

augustus-oktober

Panicum virgatum 'Heavy Metal'

gêrs

grys, metaaleftich blêd

120 sm

july-septimber

Phlox paniculata

wylde floks, rûkend

ljochtpears

100-125

july-septimber

Physostegia nb???


fiolet

130 sm

july-septimber

Polemonium caeruleaum 'Bressingham Purple'


blau

70-90 sm

juny-july

Rosa 'Ashram'

trosroas, Tantau

oranje, rûkend

40-60 sm

juny-septimber

Rosa 'Tea Clipper'

Ingelske roas, Austin

sêft oranje

100-120 sm

juny-oktober

Salvia 'Caradonna'

swarte stâlen

pearsblau

50 sm

juny-septimber

Salvia 'Ostfriesland'

sealje

blau

40-60

juny-augustus

Tageta patula 'Linnaeus'

Túnkaantsje, ienjierrich

brúnoranje

80 sm

july-oktober

Tagetes tenuifolia 'Paprika Gem'

Túnkaantsje, ienjierrich

oranje mei brún

25-50

juny-oktober

Thalictrum aquilegifolium

rút

pears-roazich

100-120 sm

maaie-july

Thalictrum aquilegifolium 'Thundercloud'

rút

lila-poarper

70-80 sm

maaie-juny

Thalictrum delavayi 'Ankum'

rút

lila

150-200 sm

july-septimber

Verbena hastata

sieddet himsels út

blaufiolet

120 sm

july-oktober

Veronica longifolia 'Blauriesin'


dûnkerblau

80 sm

july-augustus

Veronicastrum sibiricum 'Red Arrows'

seleksje Coen Jansen

blau-fiolet mei reade knoppen

100-120sm

juny-augustus

Veronicastrum virginicum 'Fascination'


fiolet

100-130

juny-augustus

Viola n.b. oranje


oranje

15 sm

april-augustus

Viola cornuta 'Amethyst'

ferdwûn

dûnkerfiolet

10-20 sm

july-septimber






Allium 'Firmament'

krusing PS en Christophi

dûnkerpears

80 sm

maaie-juny

Allium 'Purple Sensation'


pears

80-100 sm

maaie-juny

Camassia leichtlinii 'Caerulea'


blau

75 sm

maaie

Tulipa 'Ballerina'

leeljeblommich

oranje

40-50 sm

maaie

Tulipa fosteriana 'Orange Emperor'


oranje

30-40 sm

april-maaie

Tulipa 'Purple Prince'  of 'P. Flag' of 'Negrita'


pears

40-50 sm

april-maaie