Bosk mei moastún Tine van Minnen    Túnûntwerpen & - advys  Wâlddyk 9,  9294 LG  Aldwâld Tillefoan  (06) 20 60 04 09 tine.van.minnen@kpnplanet.nl    www.walddyk.info Hiemside Boskborder Paadborder Maitydstún Nije Sleatborder Roazetún Grientetún Puntborder Bisten en fûgels yn de tún Troch it jier hinne Winterfoto’s Túnûntwerpen en -advys Maitydsfoto’s Hjerstfoto’s Simmerfoto’s


De Nije sleatborder

Yn it sintrale diel fan de tún lizze in trijetal borders:

- De sleatborder, dy’t wy no nije sleatborder neame, om’t er sûnt 2014 in hiel oar kleureskema krigen hat.

- De Maitydstún à la Ton ter Linden.

Sjoch fierder by Maitydstún.

- De Paadborder.

Sjoch fierder by Paadborder.


Yn 2011 hienen wy ús nocht fan in border, dy’t doe op it plak lei, dêr’t no de roazetún is en dy’t beplante wie yn blau-roazich-grys.

Ik ha in kombinaasje betocht - op basis fan kleuren dy’t ik ris in kear yn de frije natuer sjoen haw - fan sêftgiel en roazich

mei de felste kleuren roazich en read dy’t ik fine kin.

Bygelyks Phlox ‘Septemberglut’ en ‘Herfstsering’, Salvia ‘Pink Friesland’, Geranium psilostemon ensfh.


It is in hiele put om de goeie planten te finen en de ferhâldings wat goed te krijen, want as der net genôch felle kleuren yn sitte, is it te feal en ek it giel mei net ûntbrekke, mar it is in kombinaasje dy’t wy noch nearne oars sjoen hawwe.

Yn de jierren 2011 oant en mei 2014 hat de border syn útfallen hân - dan moai, dan minder - mar sa stadichoan waard it hieltyd better.


Om’t in border om de safolle jier fernijd wurde moat en de sleatborder ta wie oan fernijing, ha wy yn 2014 besletten om dit kleureskema ta te passen yn de ‘Sleatborder’, dy’t wol hast twa kear sa grut is.

Yn de hjerst fan 2014 wie de ferhuzing klear en alle planten - ynklusyf de ferhuze roazen - binne sa goed oanslein, dat dizze kombinaasje yn 2015 sa moai wie as noait tefoaren. As er folop yn bloei stiet, is it ek de favoryt fan in soad túnbesikers.


Foar de plantelist fan de Nije Sleatborder sjoch hjirûnder.


Augustus 2017

De border docht it noch altyd moai, mar we hawwe al besletten dat de pôlen Miscanthus en Heliantus fan’t hjerst wat lytser makke wurde moatte. Ek de Geranium endressii wûkeret sa bot, dat we dy oanpakke sille. Der stiet yn de border al wat Ger. sanguineum var. ‘Striatum’ en dy is wat beskiedener, dus dêr sille we wat fan byplantsje.


July 2017

Yn juny foel ús ynienen op dat der net Gladiolus byzantinus mear yn dizze border stie. Normaalwei oerlibje se de winter sûnder problemen, mar it hat yn jannewaris 2017 blykber te kâld west. We ha se dus mar op de bestellist set foar Peter Nijssen (nijssentuin.nl).


Oktober 2015

Nettsjinsteande it faak reinerige waar mei in soad wyn, stiet de border der noch altyd knap foar.

Roazen ‘Heritage’ en Yellow Fleurette’ bloeie noch altyd en de Geraniums bloeie al foar de tredde kear.

Benammen de trochbloeiende Geranium psilostemon - in seleksje fan Coen Jansen dy’t wy yn 2014 by him kocht hawwe- docht wat er tasein hie: hy bloeit folle better troch as de gewoane.

Ek de Rudbeckia subtomentosa ‘Henry Eilers’ bloeit al fan septimber ôf. Al wer in prachtige plant fan Coen Jansen.


July 2015

In soad foto’s fan de nije sleatborder op dizze side binne makke yn begjin july.

Hoewol’t it de hiele maityd te droech west hat, benammen troch de hurde wyn, hat dizze border dêr amper lêst fan. Sittend op it terras, dat wy it nije pikeplak neame - kin men de border moai yn de lingte oer sjen en is de kleurekombinaasje sa moai as er noch noait west hat.



Namme plant wittenskiplik

Opmerkings

Kleur/skaaimerken

Hichte

Bloeitiid






Border yn sêftgiel en sêftroazich

mei felle aksinten




Achillea millefolium 'Credo'

skieppegerf

sêftgiel

40-50

juny-augustus

Aquilegia chrysantha "Yellow Queen"


ljochtgiel

50 sm

maaie-july

Althaea cannabina

heemst; tige moai!

ljochtroazich

130-150

july-septimber

Aster novae angliae "Royal Ruby"

aster

read/roazich

50 sm

aug-septimber

Anemone 'Hadspen Abundance'


roazich

80 sm

septimber

Astrantia major 'Ruby Wedding'


dûnker read

50 sm

juny-septimber

Carex muskingumensins 'Silberstreif'

gers, healskaad

ljochtgrien/giel blêd

80 sm

n.f.t.

Cirsium rivulare "Atropurpureum"

stikel

read/roazich

100 sm

july-augustus

Coreopsis verticillata 'Moon Beam'


sitroengiel

60 sm

july-augustus

Dahlia 'Bora Bora'

Semykaktus dalje

sêftgiel mei lilaread

100 sm

july-oktober

Dahlia 'Glory of Heemstede'

Dekorative Dalje

ljochtgiel

130 sm

july-oktober

Dahlia 'Honka'

inkelblommige dalje

sêftgiel

60 sm

july-oktober

Dahlia 'Roxy'


poarper maginta

50 sm

july-oktober

Dahlia 'Sanne'

Topmix dahlia

ljochtgiel

40 sm

july-oktober

Dianthus carthusianorum

super plant

fel roazich/read

30-50 sm

maaie-septimber

Dryopteris erythrosora

fear

blêdplant

50 sm

n.f.t.

Erodium manescavii


fel roazich

40-50 sm

juny-augustus

Geranium * oxonianum 'Wageningen'


sêft roazich

40 sm

juny-augustus

Geranium psilostemon


karmynread, swart hert

80 sm

maaie-july

Geranium psilostemon

seleksje Coen Jansen

karmynread, swart hert

80 sm

maaie-july

Geranium sanguineum var. 'Striatum'

moaie tekening

ljochtroazich

15 sm

juny-july

Geranium versicolor

moaie tekening

ljochtroazich

30 sm

juny-july

Geranium 'Anne Thomson'


pearsread

35 sm

juny-oktober

Geranium 'Dragon Heart'


dûnker pears

45 sm

juny-septimber

Geranium 'Patricia'


karmyn roazich

40-60 sm

juny-july

Helianthus 'Carine'


ljochtgiel

150 sm

augustus-oktober

Hemerocallis 'Beauty to Behold'


sêftgiel

60 sm

juny-augustus

Hemerocallis 'Butterpat

Kennedy (1970)

sêftgiel, rûkend, werbloei

75 sm

juny-augustus

Hemerocallis 'Pink Damask'

hiele lytse stikjes

roazich

60-80 sm

maaie-augustus

Hemerocallis 'Cream Drops'

net sterk

ljochtgiel

40-60 sm

juny-septimber

Inula hookeri


giel

70 sm

july-augustus

Lavatera 'Burgundy Wine'

ferdwûn

dûnker roazich

150 sm

juny-septimber

Leucanthemum maximum 'Banana Cream'

ferblikt wat

ljochtgiel

40 sm

juny-augustus

Lychnis chalcedonica 'Carnea'


salmroazich

50-70 sm

juny-augustus

Lysimachia ciliata

blêd rint read út

ljochtgiel

50-60 sm

juny-augustus

Lythrum salicaria 'Blush'


ljochtroazich

120 sm

aug-septimber

Lythrum salicaria NB


roazich (út tún beppe FK)

70 sm

aug-septimber

Monarda 'Beauty of Cobham'


roazich

120 sm

july-septimber

Monarda 'Vintage Wine' (of 'On Parade')

super plant

read/pears

100 sm

july-oktober

Nepeta govaniana

rûkt nei sitroen

ljochtgiel

100 sm

juny-septimber

Persicaria amplexicaule 'October Pink'

better as 'Rosea'

roazich

120 sm

july-oktober

Phlox paniculata 'Eva Cullum'


pittich roazich

90 sm

july-septimber

Phlox 'Herfstsering'


fel- en sêftroazich

90 sm

augustus-oktober

Phlox paniculata 'Herbstwalzer'

tige sûn

roazich dûnkerder each

120 sm

july-septimber

Phlox paniculata 'Pinkie'


roazich

90 sm

july-septimber

Phlox paniculata 'Purpermantel'

Moerheim- seleksje

pears, lilaread

100 sm

july-septimber

Phlox paniculata 'Septemberglut'


karmynread

80 sm

july-augustus

Phlox paniculata 'Starfire'


karmynread

90 sm

july-septimber

Potentilla nepalensis 'Miss Wilmott'

lang bloeiend

roazich

40 sm

july-septimber

Rosa 'Heritage'

Austin roas

ljochtroazich

150 sm

juny-oktober

Rosa 'Yellow Fleurette'


ljochtgiel

110 sm

juny-septimber

Rosa 'William Shakespeare"

Austin roas

dûnkerread/pears

120 sm

juny-oktober

Rudbeckia missouriensis

sinnehoed

giel

60 sm

july-augustus

Rudbeckia subtomentosa 'Henry Eilers'

hiel moai

sêftgiel

130 sm

augustus-oktober

Salvia glutinosa


ljochtgiel

80-120 sm

july-septimber

Salvia nemorosa 'Pink Friesland'

net sterk

fel pearsroazich

40 sm

july-augustus

Sanguisorba obtusa

pimpernel

roazich

100 sm

july-septimber

Sanguisorba tenuifolia 'Pieters'

moaie plant!

karmynread

150 sm

july-septimber

Solidago 'Loysder Crown'


ljochtgiel

120 sm

septimber-oktober

Veronica longifolia 'First Love'


pittich roazich

80 sm

juny-augustus






Allium atropurpureum

siersipel

pearsread

60-80 sm

maaie-juny

Allium christiphii


roazich

40-60 sm

maaie-juny

Allium 'Firmament'

christophi x atropurp.

dûnkerpears

80 sm

maaie-juny

Allium 'Purple Sensation'

út âlde sleatborder

pears

80-100 sm

maaie-juny

Gladiolus communis subsp. Byzantinum

gladioal

fiolet read

50 sm

juny-july

Tulipa 'Angélique'

dûbele lette tulp

ljochtroazich

45 sm

maaie

Tulipa 'Barcelona'

Triumph

fuchsia pears

45 sm

maaie

Tulipa 'Maja

franjere tulp

sêftgiel

50 sm

april-maaie

Tulipa 'Mistress'

Triumph

roazich

45 sm

april-maaie

Tulipa 'Moonlight Girl'

leeljeblommige tulp

sêftgiel, letter wyt

40 sm

maaie

Tulipa 'Stronggold'

Triumph

giel

50 sm

april-maaie

Plantelist 2017 fan de Nije Sleatborder