Bosk mei moastún Tine van Minnen    Túnûntwerpen & - advys  Wâlddyk 9,  9294 LG  Aldwâld Tillefoan  (06) 20 60 04 09 tine.van.minnen@kpnplanet.nl    www.walddyk.info Hiemside Boskborder Paadborder Maitydstún Nije Sleatborder Roazetún Grientetún Puntborder Bisten en fûgels yn de tún Troch it jier hinne Winterfoto’s Túnûntwerpen en -advys Maitydsfoto’s Hjerstfoto’s Simmerfoto’s


De Maitydstún

à la Ton ter Linden

Yn it sintrale diel fan de tún lizze in trijetal borders:

- De maitydstún à la Ton ter Linden.

- De paadborder. Sjoch fierder by Paadborder.

- De sleatborder, dy’t wy no nije sleatborder neame, om’t er sûnt 2014 in hiel oar kleureskema krigen hat. Sjoch fierder by Nije Sleatborder.


Nei’ al ús Fryske hinnen ferstoarn wienen troch âlderdom, ha wy begjin 2012 it pikehok ôfbrutsen en dêr in nij terras oanlein, dat wy (dus) it Pikeplak neame.

Tagelyk is doe de pergola oer paad en Pikeplak hielendal fernijd en it lytse (3 by 2,5 meter) stikje tún neist it terras feroare yn in Maitydstún mei in beplantingsskema fan Ton ter Linden.


Dy Maitydstún yn Ruinen fûnen wy altyd in prachtige, romantyske tún. Sjoch foar goeie foto’s fan dy tún - want uzes binne mar amateurwurk - it boek fan Ton ter Linden

‘Tuinieren uit de Kunst’ mei foto’s fan Gert Tabak. It beplantingsskema ha wy út Groei en Bloei helle, mar it is in toer om fan alle planten de goeie soarten te krijen.


Likegoed wie dizze tún fan it begjin ôf oan al knap slagge, wat de sfear oangiet.

Dan sjocht men wer ris hoe wichtich in goed beplantingsplan is.

Dit terras neist de maitydstún is yn maaie-juny dan ek ús favorite plakje mei útsjoch op paadborder, nije sleatborder en de Alde Swemmer.


Foar de plantelisten fan de maitydstún, sjoch ûnderoan op dizze side.


Augustus 2017

Der bloeit hast neat mear yn de maitydstún, dus we koenen wol even in bytsje yngripe. Wy hawwe Geranium ‘Orion’ der úthelle en oer in pear wiken komme dêr Geranium ‘Johnson’s Blue’ te stean. De ‘Orion’ is in geweldige groeier en bloeier, mar krekt wat te grut foar dit lytse túntsje. ‘Johnson’s Blue’ is krekt wat beskiedener.


Septimber 2015

De Geranium pyrenaicum ‘Bill Wallis’ hie him aardich útsiedde en in steal fan dy hiele lytse siedlingen haw ik oppotte.

Oars wurde se oerwoekere troch de gruttere planten en no groeie se hurder en dan kin ik se takom maityd moai ferdiele oer de maitydstún.


Namme plant wittenskiplik:

Opmerkings

Kleur/ skaaimerken

Hichte

Bloeitiid






Maitydstún





Aquilegia alpina

akkelei

dûnkerblau

40-60 sm

maaie-juny

Aquilegia vulgaris 'Altrosa'

akkelei

roazich

40-50 sm

maaie-juny

Cleome 'Senorita Rosalita'

ienjierrich

poarper, pears

70 sm

maaie-augustus

Deschampsia caespitosa 'Goldschleier'

gêrs

ferfangt Helictotrichon

90 sm

juny-july

Geranium 'Orion'

super bloeier

blau

50-70 sm

maaie-septimber

Geranium maculatum 'Elizabeth Strangman'


lilaroazich

60 sm

maaie-juny

Geranium pyrenaicum 'Bill Wallis'


pearsblau

30-40 sm

maaie-septimber

Helictotrichon sempervirens 'Pendula'

gêrs

blaugrys

80 sm

maaie-juny

Iris germanica 'Caribbean Dream'

yntroduksje 1990

ljochtblau

90 sm

maaie-juny

Malus 'Red Sentinel'

beam

wyt/roazich/reade apeltsjes

450 sm

maaie

Nepeta 'Walker's Low'


blau

50 sm

juny-augustus

Papaver orientale 'Central Park'


poarperlila

70 sm

maaie-juny

Papaver orientale 'Patty's Plum'


poarperlila

70 sm

maaie-juny

Papaver orientale 'Prinzessin Viktoria Luise'


salmroazich

80 sm

maaie-juny

Papaver orientale 'Marlene'

ferdwûn?

dûnker wynread

80 sm

maaie-juny

Persicaria bistorta

njirrekrûd

roazich

80 sm

maaie-july

Rosa 'Climbing Lady Hillingdon'

net sterk; ferfange?

ljochtoranje, trochbloeiend

300 sm

juny-oktober

Rosa 'Alchymst'

klimroas, Kordes 1956

oranje-giel, rûkt, bloeit ien kear

400 sm

juny-july

Rosa 'Climbing Schneewittchen'

klimroas

wyt, rûkt, trochbloeiend

300 sm

juny-oktober

Rosa filipes 'Kiftsgate'

klimroas, rambler

wyt, bloeit ien kear

1000 sm

juny-july

Rosmarinus officinalis


wyt mei ljochtblau

60 sm

july-augustus

Salvia nemorosa 'Schneehügel'

sealje

wyt

50 sm

maaie-july

Salvia 'Caradonna'

sealje

pearsblau

50 sm

juny-septimber

Satureja montana

beankrûd

wyt

30 sm

july-septimber

Stipa gigantea

gêrs

hege bloei-ieren yn goudkleur

150-200 sm

juny-july

Thalictrum 'Perfume Star'

rút, lekker rûkend

lavindel mei wyt

80 sm

juny-augustus

Thalictrum aquilegifolium 'Thundercloud'

rút

lila

100 sm

maaie-juny

Viola cornuta 'Boughton Blue'

fioeltsje

ljochtblau (ek yn wyt)

20 sm

maaie-oktober

Viola cornuta 'Columbine'

fioeltsje

pears mei wyt

25 sm

april-sept






Allium atropurpureum

siersipel


60-80 sm

maaie-juny

Tulipa 'Blue Heron'

Franjere tulp

blau-pears

45 sm

april-maaie

Tulipa 'Blue Parrot'

Franjere tulp

blau-pears mei wite râne

45 sm

april-maaie

Tulipa 'Queen of Night'

inkelde lette tulp

swartread

60 sm

maaie

Tulipa 'Vincent van Gogh'

Triumph

wyt mei pearse flammen

35-55 sm

maaie











Plantelist 2017 fan de maitydstún à la Ton ter Linden (oanlein maityd 2012)