Bosk mei moastún Tine van Minnen    Túnûntwerpen & - advys  Wâlddyk 9,  9294 LG  Aldwâld Tillefoan  (06) 20 60 04 09 tine.van.minnen@kpnplanet.nl    www.walddyk.info Hiemside Boskborder Paadborder Maitydstún Nije Sleatborder Roazetún Grientetún Puntborder Bisten en fûgels yn de tún Troch it jier hinne Winterfoto’s Túnûntwerpen en -advys Maitydsfoto’s Hjerstfoto’s Simmerfoto’s

Febrewaris 2016

De earste liderkes ha de kop wer opstutsen. Gau even in pear foto’s makke foar de nije hiemside.

Ek de tulpeblêden komme al wer moai boppe de grûn.

De maityd komt der oan!


April 2015

By it ferhúzjen fan in tal borders yn 2015 kamen ek hûnderten blombollen boppe de grûn, dy’t wy net samar weromsette koenen, om’t men oan de bol net sjen kin hokker kleur oft er hat.

Dêrom ha wy dy bollen apart hâlden en yn ‘e hjerst fan 2014 op de Wâlddyk delset, neist ús oprit.

Oan de linkerkant ‘Spring Green’ mei ‘ Negrita’ en Allium ‘Purple Sensation’ en oan de rjochterkant in gearmjuksel fan ‘Barcelona’, ‘Mistress’, ‘Moonlight Girl’ en ‘Maja’.

Dat hat it tige goed dien: hast 2 moanne lang hie elkenien niget oan 2 kleurige rigen blommen by de oprit lâns. Ek foarby fytsende minsken bearden der altyd wakker fan.

Om’t de bollen it fanwegens de klaaigrûn dêr net lang folhâlde, ha we ein 2016 wer in bêste steal bollen byplante.



De tún yn ‘e maityd

Lykas by mear túnkers is ek foar ús de maityd de moaiste tiid fan it jier.

De winter duorret ús faak te lang, seker sa’n winter as dy fan 2012 - 2013 dy’t fan mids novimber oant ein maart sa kâld wie, dat men mar in bytsje bûtendoar komt.

Mar sa gau as it kin, binne wy bûtendoar om de tún wer op oarder te bringen,

borders op te rêden en te wjudzjen, hjir en dêr wat nije planten by te plantsjes, ienjierrigen te siedzjen en daljes wer te plak te setten.


De winter bringt ek wol ris skea mei:

yn jannewaris 2012 waaide ús grutte iperen beam om en dy moat dan sa gau mooglik fuort en de bestrating moat wer yn ‘e oarder. Op dat lege plak is in nije Malus ‘Red Sentinel’ delset.


Mar de grutste wille fan de maityd is dochs wol, dat men moannen lang troch de tún rint en alle dagen wer wat nijs sjocht:

earst alle maitydsboltsjes, dan de titelroazen, de tulpen en de alliums, de bloeiende beammen en dêrnei de út de grûn oprizende fêste planten.


Om’t de measte bloei yn ús bosktún altyd tige betiid is, is it eins ek in maitydstún. Sawol de measte strûken en beammen as de boltsjes binne der betiid by. Nei juny bloeit eins allinne noch de Hosta plantaginea.

Dêrom is de earste searje foto’s fan de bosk.

De twadde searje foto’s is fan de rest fan de tún en lit fansels in hiele soad bollen sjen:

Tulpen, Camassia’s, Alliums ensfh.


Fansels steane op op de oare ynternetsiden maitydsfoto’s fan dy borders en túngedieltes, mar op dizze side is alles efkes wijd oan de moaiste tiid fan it jier.





Maitydsfoto’s fan de bosktún.

Maitydsfoto’s fan de rest fan de tún.