Bosk mei moastún Tine van Minnen    Túnûntwerpen & - advys  Wâlddyk 9,  9294 LG  Aldwâld Tillefoan  (06) 20 60 04 09 tine.van.minnen@kpnplanet.nl    www.walddyk.info Hiemside Boskborder Paadborder Maitydstún Nije Sleatborder Roazetún Grientetún Puntborder Bisten en fûgels yn de tún Troch it jier hinne Winterfoto’s Túnûntwerpen en -advys Maitydsfoto’s Hjerstfoto’s Simmerfoto’s


Novimber 2015

Wylst ein alle blommen al útbloeid binne, sette 2 planten noch altyd troch:

- Dahlia ‘Bishop of Llandaff’ lit noch hieltyd wer nije blommen sjen en

- Rudbeckia subtomentosa ‘Henry Eilers’ is ek noch altyd net troch syn lêste blomknoppen hinne.

Takom jier dochs mar even in pear foto’s fan meitsje (en troch oare drokten dochs wer fergetten!)..

Men sjocht dy Henry Eilers - hy komt by Coen Jansen wei - noait, mar it is dochs in super plant foar túnkers dy’t lêst krije fan hjerst-depresjes!


De tún by ’t hjerst

In túnker sil altyd besykje de tún sa lang mooglik oantreklik en nijsgjirrich te hâlden.

Yn ‘e maityd besiket men dat benammen mei bollen en betiid bloeiende strûken en planten en yn de hjerst besiket men it mei hjerstbloeiers, moaie gerzen, beammen mei ferkleurjend blêd en beikes of fruchten.

Ek simmerbollen lykas daljes kinne hjerstmis lang trochsette.


Op de foto’s hjirneist in - hiele - koarte ympresje fan wat der yn dy tiid op de Wâlddyk te sjen is.

Net mear as in bytsje, want by it sykjen fan hjerstfoto’s ûntdutsen wy, dat we dy amper hawwe.

Wy sille yn ‘e hjerst fan 2017 noch even wat fotografearje moatte.

Om’t ik mear en bettere foto’s fan de tún meitsje wol - en ek om wat sjen te litten fan wat wy as dûkers ûnder wetter tsjin komme - haw ik yn ‘e matityd fan 2016 in kursus fotografearjen folge.

It falt noch net ta.