Bosk mei moastún Tine van Minnen    Túnûntwerpen & - advys  Wâlddyk 9,  9294 LG  Aldwâld Tillefoan  (06) 20 60 04 09 tine.van.minnen@kpnplanet.nl    www.walddyk.info Hiemside Boskborder Paadborder Maitydstún Nije Sleatborder Roazetún Grientetún Puntborder Bisten en fûgels yn de tún Troch it jier hinne Winterfoto’s Túnûntwerpen en -advys Maitydsfoto’s Hjerstfoto’s Simmerfoto’s


De bosk mei de moastún

It part fan de tún dat wy de bosk neame is in stikje nostalgy.

Yn de njoggentiger jierren ha wy yn in pleatske oan de DN wei yn Nij Beets wenne. De foarige bewenner hie it hiem mei subsydjze hielendal fol set mei beammen.

Nei wat kapwurk ha wy yn it ramt fan dy beammen doe de nije tún oanlein, benammen om de altyd waaiende súdwestewyn wat te kearen.

Dat stikje bosktún wie sa sfearfol, dat wy yn Aldwâld wer in stikje bosk oanlein hawwe. Dizkear mei it doel om de kâlde noardewyn wat te kearen en de privacy fan de dyk ôf te fergrutsjen.

De bosktún is benammen in maitydstún om´t dan alle wylde bollen bloeie, tagelyk mei hagetoarne, krintebeamke en wylde nageltsjebeam. Allinne it hoekje mei de syklaamkes en de Anemone ‘Honorine Jobert’ dêrneist is yn de hjerst op syn moaist.


Dêrneist is der in stikje ‘wyld’ gêrs oan it wetter mei lânseigen wylde blommen. Ek dy is it moaist yn de maityd mei pinksterblommen, wylde titelroaskes en kraneblommen.


Yn 2014 is yn it sintrum fan it boskje in lytse moastún oanlein, al wer in oantinken oan ús (foar-)tún yn Nij Beets.

It sil noch wol in pear jier duorje foardat de oansleepte pôlen moas (tige tank firma Bosma!) oaninoar groeid binne en bykommen fan de ferhuzing, mar it begjin is der.


Even in warskôging foar de leafhawwers fan bosktunen en wylde tunen:

se fergje minstens likefolle wurk as in blommetún en somtiden mear, want it snoeien fan grutte beammen is in soad wurk en de wyldernis moat mei wjudzjen yn ‘e stokken hâlden wurde.

Ek de moastún ferget, seker de earste jierren nei oanlis, in soad wjudderij.


Foar de plantelisten fan de bosk- en moastún, sjoch ûnderoan op dizze side.

Foar alle plantelisten op ús hiemside jildt, dat se alfabetysk oardere binne op wittenskiplike namme. Oan de ein fan elke list wurde de brûkte bollen (Alliums en tulpen) neamd.





Namme plant wittenskiplik:

Opmerkings

Kleur/skaaimerken

Hichte

Bloeitiid






Acer campestre

beam: spaanske aak

n.f.t.

10 mtr

n.f.t.

Alnus glutinosa

els, elzebeam

grienige katsjes

15 mtr

febrewaris-maart

Anemone nemorosa

woartelstok

wyt

10-20 sm

april-maaie

Anemone 'Honorine Jobert'


wyt

50-70 sm

aug-septimber

Astilbe n.b. 'Aerts'

de moaiste

fiolet

50-70 sm

juny-july

Astilbe n.b.


ljocht roazich

50-70 sm

juny-july

Astilbe 'Fanal'


read

40-50 sm

juny-july

Betula pendula

bjirk

n.f.t.

15 mtr

n.f.t.

Brunnera macrophylla

sieddet út

blau/wyt

40-50 sm

maaie-juny

Carpinus betulus

haachbûk

n.f.t.

25 mtr

april-maaie

Cercidiphyllum japonicum

beam (jap: Katsura)

n.f.t.

10-45mtr

n.f.t.

Clethra alnifolia 'Pink Spire'

Strûk

roazich, rûkend

150-175

july-septimber

Cornus kousa

docht it net goed

wyt

300-500sm

maaie-juny

Cornus mas

Strûk

ljochtgiel

250 sm?

maart-april

Crataegus monogyna

hagetoarne

wyt

10 mtr

april-maaie

Cyclamen hederifolium var. hederifolium

Syklaam

wyt en roazich, tekene blêd

15 sm

sept-desimber

Dicentra 'King of Hearts'


fel roazich

35 sm

maaie-juny

Dryopteris erythrosora

fear

blêdplant

50 sm

n.f.t.

Eunonymus europeaus

papemûtse

read-oranje

300 sm

maaie

Eunonymus europeaus 'Red Cascade'

papemûtse

read-oranje

300 sm

maaie

Festuca gautieri

gêrs

n.f.t.

40 sm

maaie

Fothergilla major

Strûk, soere grûn

wyt mei giel

100 sm

april-maaie

Fraxinus excelsior

esk

n.f.t.

40 mtr

n.f.t.

Geranium nodosum

grûnbedekker

blau

20-35 sm

juny-oktober

Hosta plantaginea

lekker rûkend

wyt

60 s,

july-augustus

Hydrangea aspera 'Macrophylla'


lila mei wyt

150-200sm

juny-july

Kirengeshoma palmata


ljochtgiel

70-80 sm

aug.-septimber

Liquidambar styraciflua

beam

ferkleuret hjerstmis net

10-20mtr

n.f.t.

Molinia caerulea 'Moorhexe'/'Heidebraut'

gêrs

hjerstkleurich

120 sm

aug.-oktober

Phyllostachus aureosulcata var. aureosulcata

bambû

giele stâlen mei streep

500 sm

n.f.t.

Polygonatum multiflorum

Segelplant

wyt  

60 sm

maaie-juny

Polystichum setiferum 'Proliferum''

fear

nft

70 sm

nft

Prunus Padus

wylde nageltsjebeam

wyt

10 mtr

april-maaie

Pulmonaria saccharata 'Sissinghurst White'

bûnt blêd

wyt  

20 sm

maart-juny

Rhododendron 'Rokoko'

Japanske azalea

roazich, de moaiste

50 m

april-maaie

Rhododendron 'Signalglühen'

Japanske azalea

fel read-oranje

50 m

april-maaie

Rodgersia aesculifolia


wyt

80-100

maaie  

Rosa "Mrs John Laing"

Remontantroas 1887

djiproazich mei poarper

100-150

maaie-oktober

Ulmus * hollandica

yp; siedlingen fan âlde

n.f.t.

25 mtr

n.f.t.

Viburnum * bodnantense 'Dawn'

Strûk, rûkt lekker

roazich, rûkend

200 sm

hiele winter

Viburnum carlcephalum

Strûk, rûkt lekker

wyt

150-200

april-maaie

Viburnum carlesii 'Aurora'

Strûk, rûkt lekker

wyt

100-150

april-maaie






Chionodoxa luciliae

bol

blau/wyt

15-20 sm

april-maaie

Narcissus Tazetta groep "Minnow"

Titelroas

ljochtgiel

 15 -20

april-maaie

Scilla sibirica

bol

blau

15-10-2017

maart-april

Noch: iik, nuete kastanje ensfh










Titelroas hoeke





Tiarella cordifolia

grûnbedekker

wyt

10 sm

april-maaie

Erythronium 'Pagoda'

knol

ljochtgiel

20-30

april-maaie

Narcissus 'Hawera'

bol

ljochtgiel

20-30

april-maaie

Plantelist 2017 fan bosk en moastún

Septimber 2017

Al in jier of tsien ha wy yn de bosk in lyts hoekje, dêr’t wat Cyclamen hederifolium steane.

It aardige is, dat dat hoekje op syn moaist is, as de rest fan de tún yn it neigean is en de túnbesikers dy’t hjerstmis delkomme, fine it almeast prachticht. Ofhinklik fan de reinfal begjinne de syklaamkes yn augustus/septimber te bloeien en faak bloeie se oan ‘e earste froast ta.

Om’t sokke lytse blomkes/boltsjes yn grutte groepen op har moaist binne, ha wy dat hoekje yn augustus 2 kear sa grut makke en 50 syklaamkes byplante (kocht by nijssentuin.nl). It rare is, dat we noch noait earder in foto makke hawwe fan de bloeiende syklaamkes. En no’t we it wol dien hawwe, ha we it fototastel by famylje lizze litten. Noch even wachtsje en se steane op dizze ynternetside.


Oktober 2015

Bambû Phyllostachys aureosulcata is in prachtige plant, mar wy ha dochs besletten om him der út te heljen op it plak daalk neist de moastún. Dat makket it gehiel wat moaier en it ûnderhâld fan de moastún wat makliker, want sa’n Phyllostachus woekeret dochs flink. Boppedat is de moastún no wat grutter wurden en is der plak foar in Acer japonicum (Orange Dream) dy’t plante is yn in moaie steal soere turf- grûn.


Maaie 2015

It falt op dat de Azalea ‘Rokoko’ langer en moaier bloeit as Azalea ‘Signalglühen’

Spititernôch koe ik sa gau net mear Rokoko’s keapje, want oars hie ik se noch ferfongen.

(Neiskrift: en de makke stekjes binne nei in goed begjin allegear deagien. Mar wer prebearje!)