Bosk mei moastún Tine van Minnen    Túnûntwerpen & - advys  Wâlddyk 9,  9294 LG  Aldwâld Tillefoan  (06) 20 60 04 09 tine.van.minnen@kpnplanet.nl    www.walddyk.info Hiemside Boskborder Paadborder Maitydstún Nije Sleatborder Roazetún Grientetún Puntborder Bisten en fûgels yn de tún Troch it jier hinne Winterfoto’s Túnûntwerpen en -advys Maitydsfoto’s Hjerstfoto’s Simmerfoto’s


Fûgels en bisten yn ’e tún

It wenjen oan it wetter, midden tusken de greiden, mei in eigen hiem fol mei blommen en beammen, makket dat wy mei de fierker op tafel libje. De fûgelboeken der by, CD’s mei fûgellûden en de eagen iepen en men leart alle dagen wer wat nijs.

Wy hawwe in stik as 25 nêstkasten yn ‘e tún en in fjouwertal ynsektekasten.

Winterdei sit de Alde Swemmer fol mei wetterfûgels. Hjirneist stiet in koarte list fan fûgels, dy’t wy geregeld sjogge en/of dy’t by ús yn de tún of yn de Alde Swemmer briede.


In pear kear hat in hazze jongen hân by ús yn ‘e tún. In oare gast dy’t altyd wolkom is, is de stikelbaarch. Faak oerwinteret er winterdei yn in nêst yn de boskborder of op in oar plak. Mollen, wrotrôtten, wetterrôtten ensfh. binne net wolkom en wurde fakkundich omlein troch ússels en oars helje we Foeke Dykstra der by. Op dizze side steane in pear foto’s fan en wat ferhaaltsjes oer it bistelibben yn ús tún.


Hazzen yn e’ tún

Frij faak kampeart der winterdei in hazze by ús yn de tún. Mooglik dat se it wol in feilich plak fine: yn ‘e tún wurdt net jage. In pear kear hawwe wy sels jonge hazzen yn ‘e tún hân en men stiet altyd wer fersteld fan hoe dreech oft se te finen binne. Likegoed hawwe hazzen in gefaarlik - en ornaris koart - libben.

Wy ha ris meimakke dat in swarte krie in jonge hazze oanfoel, mar it haske ûntkaam yn it strewelleguod fan de bosk.


Boereswellen

It moaiste fan de boereswellen is wol, dat der bytiden hiele rigen swellen op de pergola en daksgoate sitte te sjongen. Dêr krijt men altyd wer in goed sin fan, ek al skite se faak it hiele terras der ûnder. Yn 2017 ha se twa kear in nêstje by ús hân: ien kear yn de iepen en ien kear yn de tichte garaazje.


Kroandûkers

It moaiste fan de kroandûkers is wol as se by ‘t maityd oan it baltsen binne.

Mar it folgjen fan it hiele famyljelibben is aardich. Doe’t se in pear jier lyn rjocht foar ús kokensrút oer in nêst hienen, ha wy dat hiel moai folgje kinnen. En dit jier - 2017 - sit it nêst wer op itselde plak. Se ha wolris spul mei de merkels, dy’t in 4 meter fierderop sitte.

Mar se ha ek alris tegearre yn ‘e slach west mei in wetterrôt, dy’t efter de jonge merkelpykjes oan siet.


Reidhintsjes

In pear jier lang ha der by ús reidhintsjes yn ‘e sleat sitten, dy’t ús sa bot wend wienen, dat se hieltyd tichter by kamen. En se hienen hast alle jierren in nêst yn de sleat ûnder it oerhingjende klimmerblêd. En dy sleat waard fûl ferdigene tsjin de merkels.

Nei in strange winter wienen se der net mear en dat wie even wennen. Gelokkich ha wy no wer nije buorlju en mids maaie 2017 sieten der 3 jonge reidhintsjes yn de sleat.


Tomkes

Binne al sokke aardige fûgeltsjes om yn de tún te hawwen. Al wie it allinne mar om it feit dat se it hiele jier troch har sang hearre litte. Se briede ek op de aldernuverste plakken: ien kear sieten se yn ien fan ús ynsektekasten, dêr’t se krekt troch in skreefke hinne komme koenen. Yn 2016 sieten se yn in nêstkast dêr’t ornaris mosken yn sitte, mar se hienen der in hiel moai nêstje fan moas yn boud.

En as de jongen dan útkommen binne, sjocht men wikenlang oeral lyn oeral yn de tún lytse fûgeltsjes yn de borders en de strûken.

En men heart de âlden aloan en wei as se de jongen warskôgje.


Wylde einen

Einen briede ek geregeldwei yn de tún. Yn ‘e maityd skarrelje sa út en troch steltsjes einen troch de tún op syk nei in plak foar in nêst.

Op dizze hiemside stiet in moaie foto fan in eintsje dat in nêst makke hie ûnder ús rabarberblêden. Mei in jong einepykje ûnder de wjokken.

Fansels skarrelje dan ek faak einen foarby mei in hiele rige einepykjes. It is somtiden wol sneu as men in grouwe krie sjocht, dy’t fuortfleant mei in pykje yn ‘e snaffel.


Merkels

Merkels binne hast de meast opfallende wetterfûgels yn ‘e feart. Men heart se de hiele dei en se ha de hiele dei spul mei oare merkels en alle oare fûgels, dy’t yn harren territoarium komme.

By de foto’s stiet in foto fan de merkels dy’t jierrenlang by ús foar hûs in nêst han hawwe.

Dy merkels ha foar ús jierrenlang in boarne fan argewaasje west.

Noch mar krekt hienen se wer in nêstje útbret, of alle jongen wienen al wer wei.

Dit jier - 2017 - binne trouwens 4 fan de 5 jongen grut wurden.


Karrekyt

It karrekytsje út de fotosearje op dizze ynternetside wie even by it kokensrút opflein en wat yn ‘e sûze. Oars hie ik dy foto noait meitsje kinnen. No witte jim ek wêrom ’t wy simmerdei en by ’t hjerst (fûgeltrek) faak de gerdinen in bytsje ticht hawwe. Dat hoecht net om de buorlju, mar it skilt fûgellibbens.


Salamanders

It is der altyd by bleaun om se ris op de foto te setten. Dat komt fansels ek om’t wy se it measte tsjin komme as wy ris op slakkejacht binne. No hoecht dat net folle, want wy ha net folle lêst fan slakken. In inkelde Hosta en fansels de Delphinium ha der lêst fan, mar dat is it dan ek.

Lykwols ha de slakken wol aardichheid oan de nije grientetún en yn 2016 ha wy jûns wol ris op jacht west nei slakken. En sa út en troch komt men dan op skaadrike plakjes ek in pear wettersalamanderkes tsjin.


Swannen

Somtiden komt men der nachts of moarns betiid ôf en sit de feart fol mei tsientallen swannen. Nachts ljochtsje se prachtich wyt op op it wetter, seker as de moanne skynt.

Al is it ek moai as se ynienen opdûke út de mist.


Stikelbargen

Fan de stikelbargen yn ús tún ha wy gjin foto’s. Wy soenen heechstens in foto meitsje kinne fan in bult blêd, dêr’t dan in stikelbarchje wintersliep yn hâldt.

Want oerdei binne wy se yn ‘e tún noch net tsjinkommen. Allinne dy bult blêd, dy’t men by’t hjerst of by’t maityd by it oprêden fan de tún ris fynt.


Feale miggesnappers

Al hiel lang sitte der feale miggesnappers by ús yn de tún. Se sitte wol ris yn de kipe, mar ek wol ris yn de spesjale kast foar miggesnappers.

En earne yn de foar-digitale argiven moatte ek noch foto’s wêze fan in pear jonkjes.

Alle maitiden binne de miggesnappers fan de lêste fûgels dy’t oankomme út it suden.

Faak is it begjin/mids maaie foardat men it lûd fan in piipjend tsjil heart. Want dat is alles wat se produsearje kinne. Der is net in fûgeltsje dat sa beroerd sjongt.

Dochs binne se tige wolkom: benammen as se wer ris mei in soad kaprioalen efter in mich of flinter oan sitte.


Giele hôfsjonger

Tagelyk mei de feale miggesnapper komt de giele hôfsjonger werom út it suden en in pear moanne lang sjongt er alles by elkoar. Hy is faak min te finen en te sjen, mar syn sang is in feest foar elke túnker.


Stikelfinken

Ien fan de kleurichste hjir foarkommende fûgels is wol de stikelfink. Hy sit hjir al jierren yn de tún en yn de esken oan de Wâlddyk te sjongen. Ornaris in wat hastich en drok gekwetter, dêr’t net folle line yn sit.

We ha noch noait in nêst fine kinnen, mar op 1 juny 2017 fûn Jan in nêstje yn de hagetoarne dy’t foar de Sleatborder stiet.

Seis moaie ljochtblauwe aaikes deryn en de oare deis seagen we it stikelfinkje fan de aaien kommen. It foel ús trouwens ta hoe lang oft se sitten bleau. Mar dochs sille de besikers fan de tún hjir in pear wiken net komme kinne. Fûgeltsjes geane by ús foar!


Iisfûgels

Net fier fan ús tún ôf moatte de iisfûgels in nêst hawwe, want al jierren sitte der altyd iisfûgels yn de Alde Swemmer.

En benammen as de jongen útflein binne, fleane se hieltyd hinne en wer en heart men se hieltyd roppen.

Nei de kâlde jannewaris fan 2017 hienen we se noch net wer sjoen, mar 26 maaie siet der wer ien te fiskjen op de barte.


Wezelingen

Op ‘e Wâlddyk sjocht men sa út en troch wol ris in wezeling of harmeling oer de wei sjitten. Yn de tún hienen wy se noch noait sjoen.

Mar op 22 augustus 2017 boarten der ynienen 4 jonge wezelingen yn de grientetún.

Letter skarrelen se oeral om: sa fluch as wetter, mar we hawwe der dochs in pear aardige foto’s fan meitsje kinnen.


Fûgels yn de tún

De hjirûnder fermelde fûgels komme allegearre by ús yn de tún of se briede der sels. In grut tal oare fûgels sjogge wy foarbyfleanen, yn de Alde Swemmer of yn it boerelân om ús hinne oan de Wâlddyk.

Guon fûgels haw wy mar ien kear sjoen (draainekke, reiddomp byg.) en oaren binne stânfûgels.

As jo op de nammen fan de blauprinte fûgelsoarten klikke, dan hearre jo it fûgeltsje ek sjongen.

Fryske namme

 Hollânske namme

Bret?

Akster

 Ekster

nee

Berchein

Bergeend

nee

Blaumieske

Pimpelmees

ja

Blauwe hoanskrobber

Blauwe kiekendief

nee

Blauwe spjocht

Boomklever

nee

Blauwe wikel

Boomvalk

nee

Blesgoes

Kolgans

nee

Blokmies

Koolmees

ja

Boereswel

Boerenzwaluw

ja

Boumantsje

Witte kwikstaart

ja

Brune hoanskrobber

Bruine kiekendief

nee

Bûnte lyster

Zanglijster

nee

Draainekke

Draaihals

nee

Dûkerke

Dodaars

ja

Earrebarre

Ooievaar

nee

Eastein

Krakeen

nee

Feale miggesnapper

Grauwe vliegenvanger

ja

Fesant

Fazant

nee

Fiskearn

Visarend

nee

Fjildlyster

Kramsvogel

nee

Fjildmosk

Ringmus

ja

Flaaksfink

Groenling

?

Giel boumantsje

Giel boumantsje

nee

Giele hôfsjonger

Spotvogel

?

Goudûle

Kerkuil

nee

Graupiper

Heggenmus

nee

Grutte aksterspjocht

Grote bonte specht

nee

Grutte bûnte dûkelein

Grote zaagbek

nee

Grutte wite reager

Grote zilverreiger

nee

Hagekrûper

Grasmus

nee

Hauk

Havik

nee

Hôfdo

Houtduif

ja

Hôfsjonger

Tuinfluiter

nee

Houtakster

Vlaamse gaai

nee

Ielgoes

Aalscholver

nee

Ielreager

Blauwe reiger

nee

Iisfûgel

IJsvogel

nee

Ka

Kauw

ja

Karrekyt

Kleine karekiet

nee

Knobbelswan

Knobbelzwaan

nee

Koekút

Koekoek

n.f.t.

Kroandûker

Fuut

ja

Langsturtmies

Staartmees

nee

Ljip

Kieviet

nee

Lytse dûkelein

Nonnetje

nee

Lytse hôfsjonger

Fitis

ja

Markol of merkel

Meerkoet

ja

Mosk

Huismus

ja

Mûzebiter

Buizerd

nee

Nettelkrûper

Zwartkop

nee

Noardske falke

Slechtvalk

nee

Nylgoes

Nijlgans

nee

Paugoes

Brandgans

nee

Protter

Spreeuw

ja

Readboarstke

Roodborst

nee

Reade wikel

Torenvalk

nee

Readsturtsje

Gekraagde roodstaart

nee

Readwjok

Koperwiek

nee

Reiddomp

Roerdomp

nee

Reidhintsje

Waterhoen

ja

Reidsjonger

Rietzanger

nee

Skel- of slachfink

Vink

ja

Skiere goes

Grauwe gans

nee

Skries

Grutto

nee

Slob (-ein)

Slobeend

nee

Smjunt

Smient

nee

Sparwer

Sperwer

nee

Stienbarmke

Barmsijs

nee

Stikelfink

Putter

ja

Strânljip

Scholekster

ja

Swart readsturtsje

Zwarte roodstaart

nee

Swarte klyster

Merel

ja

Swarte krie

Zwarte kraai

nee

Toarnhipperke

Braamsluiper

nee

Tomke

Winterkoning

ja

Tsjiftsjaf

Tjiftjaf

?

Tsjirk

Tureluur

nee

Tûfein

Kuifeend

nee

Turkske toartel

Turkse tortelduif

ja

Wetterwylp

Regenwulp

nee

Wipsturtgril(tsje)

Oeverloper

nee

Wylde ein

Wilde eend

ja

Wylp

Wulp

nee

Wytstirns

Visdiefje

nee